Ljouwerter Carlos Hogendorp mediahype yn Brazilië

Carlos Hogendorp fan Ljouwert is in wiere mediahype yn Brazilië. Hogendorp wie op syk nei syn biologyske mem. Syn ferhaal waard breed oppikt troch de media neidat de boargemaster fan de stêd Leme him persoanlik bemuoide mei de syktocht. De boargemaster sjocht de Ljouwerter dy't by de stedswacht wurket as foarbyld fan in adopsjebern dy't goed te plak kaam is.
Carlos Hogendorp wol no oare Braziliaanske bern helpe. Hy fertelt syn ferhaal yn it programma BYNT.