Easterbierrum kriget kleastertún foar hiele doarp

13 jan 2015 - 17:01

Easterbierrum krijt krekt bûten it doarp in kleastertún. Dy moat troch it hiele doarp ûnderhâlden wurde, sa is it doel. Der is in bestjoer oansteld dat in ynrjochtingsplan makke hat en dat de tún beheare sil. De tún wurdt foar in part ynrjochte as in âlde kleastertún, mei griente, fruit en krûden.

It doarp hat ynfloed op hoe alles der út komt te sjen. Sa is no al dúdlik dat der ek blommen yn komme. De skoalbern sille in grutte rol yn it ûnderhâld spylje.

De tún moat in moetingsplak foar it doarpsbewenners wurde, mei romte foar bygelyks toanieloptredens en konserten. By Easterbierrum stie yn it ferline Kleaster Lidlum. De namme 'kleastertún' is dêrop basearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)