Jesse en Fenna populêrste bernenammen yn Fryslân

13 jan 2015 - 14:46

Jesse en Fenna binne yn Fryslân de populêrste bernenammen fan it ôfrûne jier. Dat docht bliken út sifers fan de sosjale fersekeringsbank SVB. De top trije by de jongesnammen wurdt kompleet makke mei Jurre (2) en Hidde (3). By de famkes binne njonken Fenna ek Lieke en Sophie hiel populêr.

Lanlik sjoen wurde de nammen Daan en Sophie it faakst keazen. Ferline jier wiene dat noch Sem en Tess. Yn 2014 binne der yn Nederlân sa'n 174.000 bern berne en dy krigen mei-inoar 25.000 ferskillende nammen.

Sa sjocht de folslein top 10 fan populêrste nammen yn Fryslân derút:

Jongesnammen
1. Jesse
2. Jurre
3. Hidde
4. Sven
5. Ruben
6. Lars
7. Milan
8. Jan
9. Jens
10. Lucas

Famkesnammen
1. Fenna
2. Lieke
3. Sophie
4. Iris
5. Emma
6. Femke
7. Sanne
8. Anna
9. Mare
10. Eva

De folsleine list fan hiel Nederlân en per provinsje stiet op de webside fan de SVB.

Trefwurden: 
bernenamme SVB Jesse Fenna
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)