Burgumers hawwe net folle problemen mei AZC

13 jan 2015 - 14:25

De ynwenners fan Tytsjerkstradiel hawwe net folle problemen mei it asylsikerssintrum fan Burgum. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Universiteit fan Amsterdam. Mear as acht op de tsien dielnimmers stean posityf of neutraal tsjinoer it AZC, 14 persint is negatyf. Wethâlder Doeke Fokkema is gelokkich dy de útkomst. Opfallend is dat ûnder de negative respondinten de jeugd de grutste groep foarmet.

It AZC yn Burgum mei fan de gemeente útwreidzje fan 450 nei 600 bewenners. Der komt ek bettere húsfesting.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)