Plysje siket kunde fan fermiste Snitser (38)

De plysje docht in oprop om nije oanknopingspunten te krijen yn in fermissingssaak. Sûnt ferline wike tiisdei is de 38-jierrige Gert-Jan Luimstra út Snits fuort. De man hat wolris lêst fan depressive buien. De plysje hat in Boargernetoprop dien en de fermissing op sosjale media ûnder de oandacht brocht. Der is boppedat socht mei hûnen, mei boaten en mei in helikopter.
De plysje wol no de sosjale omjouwing fan de fermiste Snitser yn kaart bringe. Minsken dy't wat melde wolle, kinne belje mei 0900-8844 of mei it neednûmer 112.