Ferhuzing nei nijbou Erasmushiem set takom wike út ein

It nije Erasmushiem yn Ljouwert © Omrop Fryslân, René Koster
Fersoargingshûs Erasmushiem út Ljouwert set nije wike útein mei de grutte ferhuzing nei it nije gebou. Dat is it markante gebou oan de Aldlânsdyk foar it MCL oer.
Mei-inoar moatte 225 bewenners ferhuze wurde. Soarchgroep Noorderbreedte ferwachtet dat de lêste bewenner ein febrewaris oer kin nei it nije Erasmushiem. Yn it foar hawwe mei alle bewenners op syn minst twa petearen west om te sjen hoe't de ferhuzing sa goed mooglik regele wurde kin.