Opfang foar otters yn Munnikebuorren

Yn Munnikebuorren kinne oer twa moannen de earste otters opfongen wurde. Natoer- en edukaasjesintrum De Rietnymf is al sûnt langere tiid dwaande de plannen foar in asyl foar otters. Okkerdeis hawwe se dêrfoar in wichtige ûntheffing krige en no kin it wurk los.
In grut part fan it jild foar de bou is der al, mar noch net alles. Yn de otteropfang sil plak wêze foar seis otters. Se ferbliuwe yn saneamde sliepkisten mei in útrin nei bûten ta dêr't wetterpartijen oanlein wurde.
Neffens Auke Kuiper fan De Rietnymf is de soarch foar otters tige spesjalisearre wurk en is der bêst wol ferlet fan in ottertehûs. Yn september moat de otteropfang yn Munnikebuorren klear wêze.