Ljouwerter hat drugs, fjoerwapen en mobyltsjes yn it hok

Camstrabuorren oan de Dokkumer Ie yn Ljouwert © Google Street View
De plysje hat moandeitemiddei in Ljouwerter fan 26 jier trappearre op drugs en in fjoerwapen. Tsjûgen seagen de man in hok by in wente oan de strjitte Camstrabuorren yngean. Om't se dat fertocht fûnen, bellen se de plysje. Dy fûn by in kontrôle drugs, mobile telefoans en in fjoerwapen yn it hok. De Ljouwerter is om dy reden oppakt.