Man set foto fan himsels mei wapen op whatsapp

Whatsapp © Omrop Fryslân
In 29-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean is yn de nacht fan moandei op tiisdei oppakt foar it yn besit hawwe fan in fjoerwapen. Hy hie in foto fan himsels en it wapen op whatsapp set.
In tsjûge seach de foto en belle de plysje. Dy hat it wapen yn it hûs fan de man oan de Beugel fûn en yn beslach naam. De Feanster is oppakt foar ferbean wapenbesit.