EO makket opnamen op it Bogerman yn Wommels

13 jan 2015 - 08:22

it EO-programma 'Geloof en een hoop Liefde' makket tiisdei opnamen op it Bogerman yn Wommels. Dosint Frysk Anna Marije Bloem en har tredde klasse litte presintatrise Mirjam Bouwman yn de kunde komme mei Fryslân. Dat docht Bloem ûnder oare mei in ferske en in rap. Dy hat se tegearre mei sjonger Bruno, de winner fan Liet, makke.

It liet giet benammen oer Ljouwert, mar ek de rest fan de provinsje komt oan bar. De útstjoering mei it Bogerman is op 23 febrewaris te sjen by de EO.

Trefwurden: 
Wommels EO Bogerman
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)