Sander de Rouwe: "aaisykjen en neisoarch tegearre tradysje"

12 jan 2015 - 21:40

CDA-listlûker Sander de Rouwe fynt it aaisykjen in tradysje fan 'sykjen en neisoarch' mei-inoar. Hy nimt dêrmei stelling tsjin boargemaster Gerard van Klaveren fan Weststellingwerf, dy't it earste ljipaai yn syn gemeente net langer oannimme sil. It CDA wol derom sels it earste aai yn de gemeente oannimme.

Dat sei De Rouwe moandeitejûn op 'e Jouwer by de ôftraap foar de provinsjale ferkiezings yn maart. It CDA wol legere belestings en set yn op mear banen en it oanpakken fan de krimp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)