Opknapbeurt Park Heremastate op 'e Jouwer begûn

De gemeente De Fryske Marren is úteinset mei de opknapbeurt fan Park Heremastate op 'e Jouwer. It park wurdt yn oarspronklike styl werombrocht. De tún is yn de 18e ieu oanlein troch de ferneamde arsjitekt Roodbaard. Park Heremastate is no noch fertutearze. Der wurdt de kommende tiid in soad kapt, snoeid en oanplante. Fierders wurde nije paden oanlein en komme der nije brêgen. It wurk moat oan de ein fan dit jier klear wêze.
De kosten binne sa'n twa ton en wurde betelle troch de gemeente en de provinsje.