Reade Tried: benaud foar terroristyske oanslaggen

13 jan 2015 - 06:00

Hoe benaud binne jo foar terroristyske oanslaggen yn Nederlân?

De oprop om strangere regels en wetten om ekstremisten better yn de gaten hâlde te kinnen en dy ekstremisten hurder oanpakke te kinnen, fansels leafst foardat saken út de hân rinne. Minister Opstelten fan feilichheid en justysje wol no ek mei faasje nije antyterreur-wetten trochfiere. Is dat nedich tinke jo? En... Hoe grut is by jo de eangst foar oanslaggen yn ús lân of miskien wol yn ús provinsje?

Jo kinne hjirûnder reageare of fia de mail: readetried@omropfryslan.nl. Jo kinne ek meiprate fia Facebook of belje mei 058 - 70 09 777. Dan kinne jo in reaksje ynsprekke op it antwurdapparaat.

Trefwurden: 
Reade tried
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)