Bear Boeloe al 20 jier op 'e televyzje

Bear Boeloe wurdt dit jier 20 jier. Dêrmei is it Fryske berneprogramma nei de Fabeltjeskrante it langstrinnende berneprogramma fan Nederlân. Al fan 1995 ôf is Bear Boeloe te sjen by Omrop Fryslân. Yn al die jierren binne der mear as 700 ôfleverings makke.
Tiisdei start in nije rige útstjoeringen fan it berneprogramma. De betinkster, skriuwster en tekener fan it programma Helena de Boer sit moandeitejûn yn it programma Bynt.