Steuring yn brânmelder hâldt parkeargaraazje Snits ticht

12 jan 2015 - 16:10

In technyske steuring yn it brânmeldingssysteem soarget der foar dat de parkeergaraazje ûnder it Boschplein yn Snits de hiele wike ticht is. De steuring kaam dit wykein oan it ljocht. Om't de gemeente gjin risiko's nimme wol, is besletten om de kommende dagen gjin auto's yn de garaazje te litten.

Yn de parkeargaraazje Boschplein is plak foar 470 auto's. It is ûndúdlik hoe lang oft de steuring duorje sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)