Wetterskip begjint mei kadeskou

12 jan 2015 - 15:12

Wetterskip Fryslân is moandei begûn mei de jierlikse kadeskou. Rayonbehearders kontrolearje yn jannewaris en febrewaris goed 3200 kilometer oan kaden yn Fryslân en it Westerkwartier yn Grinslân.

Mei de kontrôles wol it wetterskip wetteroerlêst foarkomme. De meiwurkers sille benammen sjen oft de kaden wol goed ûnderholden binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)