Mûzen ferfrette al goed 12.000 hektare gerslân

Troch mûzen stikken groeven lân by Yndyk
Mûzen hawwe al goed tolvetûzen hektare gerslân ferfretten yn it súdwesten fan Fryslân. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Wageningen University nei de mûzepleach. Guon regio's sjogge der út as in prairylânskip. De skea foar de boeren rint yn de miljoenen euro's.
Troch de mylde winter en de droege simmer is it tal mûzen bot tanaam. De bisten meitsje gongen ûnder it gers troch en frette de woartels fan it gers oan. Dêrtroch stjert it gers ôf en wurdt it lân brún. De skea is sa grut dat it op satellytbylden dúdlik te sjen is.
Tiisdei yn Bynt mear omtinken foar de mûzepleach mei yn de studio ien fan de dupearre boeren.