"Frans Molenaar lit gat efter yn moadewrâld"

Mei it ferstjerren fan moadeûntwerper Frans Molenaar is der in grut gat fallen yn de moadewrâld. Dat seit de Fryske moadeûntwerper Hans Noordstrand út Nijeholtpea. Molenaar ferstoar ôfrûne freed yn de âldens fan 74-jier. Hy lei al in skoft yn it sikehûs nei in fal.
Molenaar soe dit jier syn hûndertste kolleksje presintearje. Yn Fryslân hat er ûnder oare de unifoarmen foar drum- en showfanfare Advendo Snits ûntwurpen.