"SC Hearrenfean makke goede kar om fan it fjild te stappen"

12 jan 2015 - 14:01

De spilers fan sc Hearrenfean hawwe der goed oan dien om freed fan it fjild te stappen yn de oefenwedstriid tsjin Standard Luik. Dat fynt Tom Knipping, ûndersykssjoernalist by Voetbal International. Omdat de skiedsrjochter yn de wedstriid fjouwer strafskoppen joech, is der mooglik sprake fan matchfixing.

De KNVB hat dêrom in ûndersyk ynsteld nei de oefenwedstriid. Knipping hâldt him in soad dwaande mei matchfixing yn it fuotbal. Hy tinkt dat der úteinlik neat út it ûndersyk nei foaren komme sil. "Die kans is 0 procent", sa seit Knipping.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)