Rintje Ritsma: "Rekôrs binne der om brutsen te wurden"

12 jan 2015 - 12:02

Ald-reedrider Rintje Ritsma fan De Lemmer is syn rekôr fan it measte oantal EK allround-titels dit wykein kwytrekke oan Sven Kramer. Kramer pakte yn it Russyske Tsjeljabinsk syn sânde titel. Ritsma kaam net fierder as seis Europeeske titels. Mar rekôrs binne der om brutsen te wurden, fynt Ritsma.

Wol makket de Lemster him soargen oer de ûntwikkelings yn it bûtenlân, dêr't hieltyd mear reedriders de lange ôfstannen net serieus nimme. Dêr leit in rol foar it ynternasjonale reedrydbûn ISU, om der foar te soargjen dat dit feroaret.

De ISU kiest lykwols foar in oare oplossing. As it oan it bûn leit, wurdt de 10 kilometer op it allround-toernoai oer twa jier ferfongen troch in 1000 meter. In skande, fynt Ritsma. As dat bart, ferliest it toernoai it allroundkarakter, seit er.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)