Mear as 200 soarten nachtflinters yn Ljouwerter Bosk

En dat is ien © Omrop Fryslân, Remco de Vries
It Ljouwerter Bosk telt mear as 200 soarten nachtflinters. Dat docht bliken út tellingen fan Jeroen Breidenbach en Merel Zweemer. Al trije jier lang telt it twatal yn it Ljouwerter Bosk op deselde wize it tal nachtflinters. Flintersoart de Haarbos waard hast 600 kear sjoen en is dêrmei de meast telde flinter. Ek waarden der twa nachtflinters sjoen, dy't noch net earder yn Fryslân teld binne: de Witvlekbosrandspanner en de Esdoorndwergspanner.
Yn totaal binne der de ôfrûne jierren hast 5000 nachtflinters teld yn it Ljouwerter Bosk.