Wüst pakt mei oermacht fjirde EK allround-titel

11 jan 2015 - 14:47

Ireen Wüst pakte snein mei oermacht har fjirde Europeeske allround-titel. Wüst liet har foarsprong fan 11 sekonden yn in rjochtstreeks duel op de 5 kilometer mei har grutste konkurrinte Martina Sábliková net mear yn gefaar komme. De winst op de slotôfstân gong nei Sábliková, dy't mei 7.00.70 in nij baanrekôr ried. Wüst pakte it sulver mei 7.05.63. It brûns op de 5 kilometer wie foar Olga Graf mei 7.09.10.

Yn it einklassemint einige Sábliková as twadde, foar Linda de Vries, dy't tredde waard. Jorien Voorhuis einige efter Graf as fyfde.

Ireen Wüst en Linda de Vries binne mei harren poadiumplak wis fan it wrâldkampioenskip allround yn Calgary op 7 en 8 maart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)