1500 meter: Verweij pakt winst op Kramer

Sven Kramer © ANP
De striid op it Europeesk kampioenskip foar manlju is noch net beslist. De Rus Denis Yuskov wûn yn Tsjeljabinsk de 1500 meter yn in tiid fan 1.46.22. Koen Verweij waard twadde en wie seis hûndertste stadiger as Yuskov. Yn in duel mei Verweij wie Kramer 1.13 stadiger as Verweij. Dêrtroch stiet Verweij noch altyd earste yn it klassemint. Kramer moat dik alve sekonden winst pakke op de tsien kilometer om Europeesk kampioen te wurden.
Wouter Olde Heuvel sakke troch in minne 1500 meter nei it sechsde plak.
Denis Yuskov stiet no tredde en hat dik seis sekonden foarsprong op de nûmer fjouwer Sverre Pedersen.