'Befrijingspoppe' earegast op Befrijingsfestival yn Ljouwert

11 jan 2015 - 13:18

Njonken gasten út Kanada komt de Ljouwerter befrijingspoppe Janny Veld ek nei it 70-jierrich jubileum fan de Befrijing, oankom maaie op it Saailân yn Ljouwert. Frou Veld waard berne op it momint dat de Kanadezen Ljouwert ynrieden. Se waard as 'liberation baby' de maskotte fan de Royal Canadian Dragoons.

De organisaasje fan it Befrijingsfestival die ferline wike in oprop om de poppe nei santich jier te finen. It ôfrûne wykein waard se fûn en fuortendaliks útnoege as earegast.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)