Ireen Wüst hellet út op de 1500 meter op it EK

Ireen Wüst © ANP
Ireen Wüst hat mei in machtige 1500 meter op de twadde dei fan it EK allround yn Tsjeljabinsk har foarsprong op Martina Sábliková útwreide. Yn in rjochtstreeks duel ried Wüst nei de winst en in baanrekôr: 1.56.05. Sábliková kaam út op 1.58.24, goed foar it tredde plak. De Noarse Ida Njatun waard twadde yn 1.58.09. Linda de Vries waard fjirde, Jorien Voorhuis sechsde. Op de ôfslutende 5000 meter hat Wüst in marzje fan hast tolve sekonden op Sábliková. De fjirde Europeeske titel foar Wüst liket deroan te kommen.