Rotterdammer yninoar slein troch groep manlju

11 jan 2015 - 11:32

In 25-jierrige Rotterdammer is sneontejûn yn Ljouwert yn elkoar slein troch in groep manlju. Hy wie op besite by in freon yn de wyk Camminghabuorren. Neidat er op in skooter op ferkenning troch de stêd west hie, waard er troch de groep oansprutsen. It petear rûn út de hân en de Rotterdammer draafde fuort.

De groep kaam yn twa auto's achter him oan. De Rotterdammer ferskûle him yn de tún fan in frou, mar de manlju fûnen him úteinliks wol. Se sloegen en skopten sawol him as de 25-jierrige frou. Dêrnei naaiden se út.

Yn Snits is ien fan de acht fermoedlike dieders oanhâlden troch de plysje. It giet om in 24-jierrige man út Utrecht. Hy wurdt fertocht fan swiere mishanneling. Nei de oare sân siket de plysje noch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)