Follybalfroulju Snits ha bjusterbaarlike ûntsnapping

De follybalfroulju fan Snits (argyffoto)
De follybalsters fan Snits liken sneontejûn yn Ootmarsum tsjin Set Up '65 tsjin in 3-0 ferlies oan te rinnen. De froulju fan coach Petra Groenland ferlearen de earste twa sets mei 25-15 en 25-11. Ek yn de tredde set kaam it team op fikse efterstân. En doe waard ynienen alles oars. Dy tredde set waard troch Snits dochs noch wûn: 25-22. Dêrnei gong it dat it slydjaget. Mei 25-17 en 15-10 waard de wedstriid wûn. Snits bliuwt koprinner yn de earedivyzje. Woansdei spilet de ploech yn Almelo tsjin Eurosped de kwartfinale fan it bekertoernoai.