Harddrugs en gemikaliën fûn yn Noardburgum

10 jan 2015 - 15:37

De plysje hat freedtejún in 37-jierrige man en in 31-jierrige frou oanhâlden yn in wenning oan de Alde Kommisjewei yn Noardburgum. Yn it hûs is harddrugs fûn en gemikaliën dy't brûkt wurde foar it meitsjen fan ferdôvjende middels. Tsjin de man út Ljouwert en de frou út Berltsum wurdt proses-ferbaal opmakke.

Op itselde adres yn Noardburgum binne âldjiersnacht ek fiif persoanen oanholden yn ferbân mei it brûken fan harddrugs.

Trefwurden: 
drugs Noardburgum gemikaliën
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)