Hinnen fan plysjeburo werom nei eigener
De twa hinnen dy't al in wike omskarrelen by it plysjeburo yn Drachten, binne werom by de eigener. Op Twitter die de plysje in oprop om de eigener te finen. De oprop soarge foar in soad reaksjes. Binnen in pear oeren hie de Drachtster plysje de eigener opspoard.