Verweij wint 500 meter; Kramer teloarstellend tsiende

Sven Kramer © ANP
Sven Kramer is min begûn oan it Europeesk kampioenskip allround yn Tsjeljabinsk. Hy einige as tsiende yn in tiid fan 37.03. Koen Verweij waard earste yn 36.20.
De tredde Nederlanner, Wouter olde Heuvel, waard achtste mei in tiid fan 36.85. Konkurrinten fan Kramer einigen allegearre boppe de seisfâldich Europeesk kampioen: Jan Szymanski waard tredde (36.47), Denis Yuskov fjirde (36.49) en Sverre Lunde Pedersen einige as njoggende (36.88).