Rydbewiis kwyt fanwege gefaarlik rydgedrach

© De Vries Media
In 68-jierrige automobilist út Houtigehage hat it rydbewiis ynleverje moatte om't er troch gefaarlik rydgedrach in oanriding feroarsake hie. De man ried freedtemiddei op de Blauhústerwei by Boelensloane en kaam op de ferkearde helte fan 'e dyk telâne.
Syn tsjinlizzer, in 43-jierrige frou út Eastermar, koe in frontale botsing foarkomme, mar beide auto's rekken inoar wol.
De frou kaam mei de skrik frij. De man is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.