Seis arrestaasjes om slimme mishanneling It Hearrenfean

10 jan 2015 - 09:42

De plysje hat seis minsken oppakt yn it ûndersyk nei in slimme mishanneling op It Hearrenfean, ein desimber. It slachtoffer wie in man (19) út Steenwijkerland. Ut ûndersyk hat bliken dien dat it slachtoffer op de Vleesmarkt op It Hearrenfean in famke slein hie. Dêrop hawwe twa manlju (18 en 19 jier út De Fryske Marren) it slachtoffer mishannele. Alle trije binne dêrom oanhâlden.

Fierders hat de plysje noch trije minsken (in man út Rutten (19) en twa jonges (18) út De Lemmer) oppakt. Sy soenen der wol by west hawwe, mar net meidien hawwe.

Alle fertochten binne yntusken wer frijlitten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)