UNIS Flyers om tafel mei Dútske iishockeybûn

Foarsitter Henk Hoekstra fan de UNIS Flyers sil snein om 'e tafel mei de foarsitter fan it Dútske iishockeybûn. Hy komt spesjaal foar de bekerfinale tusken de UNIS Flyers en Tilburg Trappers nei Nederlân. Foar de finale sil Hoekstra tegearre mei de foarsitter fan de Tilburg Trappers prate oer de stap nei de Dútske kompetysje. De Flyers wolle yn it nije seizoen graach yn Dútslan útkomme.