SC Hearrenfean stapt fan fjild om strafskoppen

09 jan 2015 - 20:49

SC Hearrenfean is freed fan it fjild stapt yn de oefenwedstryd tsjin Standard Luik. De ploech spile yn Spanje tsjin de Belgyske ploech as ûnderdiel fan it trainingskamp. De Belgen krigen trije strafskoppen fan de Spaanske skiedsrjochter. Doe't se de tredde strafskop misten, mochten se dizze oernimme. Dêrnei stapten de spilers fan SC Hearrenfean lilk fan it fjild. De ploech stie op dat momint mei 2-0 achter. Mark Uth miste in strafskop foar SC Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)