Lieuwe Westra wol by Astana bliuwe

Hurdfytster Lieuwe Westra wol sa gau as mooglik in nij kontrakt tekenje by Astana. De ynwenner fan De Tynje is dwaande mei syn twadde en lêste jier by de Protourploech út Kazachstan en hopet ynkoarten in hantekening te setten ûnder in nij kontrakt.
Astana leit de lêste tiid behoarlik ûnder fjoer. Fiif hurdfytsers binne de lêste trije moannen skorst op fertinking fan dopinggebrûk. Dochs hat de UCI besletten om Astana foar dit seizoen in lisinsje te jaan. Lieuwe Westra hat der net in nacht min om slept, sa seit er.