Reade tried: Ik leverje lean yn om kollega's te behâlden

12 jan 2015 - 05:59

Dat is hjoed de stelling. Oanlieding is in plan fan de redaksje fan Ljouwerter Krante en Dagblad van het Noorden. Der moatte by de NDC Mediagroep in soad minsken út en banen ferdwine ek op de redaksjes. No is dêr it idee ûntstien: as wy no ris allegear fiif prosint ynleverje, dan kinne der mear minsken bliuwe. In offer dus om de besetting op peil te hâlden. Wat fine jo fan dat idee? En ek... Soene jo it sels dwaan?

Jo kinne hjirûnder reageare of fia de mail: readetried@omropfryslan.nl. Jo kinne ek meiprate fia Facebook of belje mei 058 - 70 09 777. Dan kinne jo in reaksje ynsprekke op it antwurdapparaat.

Trefwurden: 
Reade tried
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)