Roemenen op dievepaad yn Boalsert

© ANP
Trije Roemeenske winkeldieven binne freedtemiddei yn Boalsert oanhâlden. In winkelier warskôge de plysje om't de mannen harren fertocht gedroegen. In plysjeman yn boarger folge it trio en hâlde harren oan doe't se op it Raadhúsplein yn in auto stapten. De auto lei fol mei stellen elektryske toskeboarstels. Der lei boppedat in spesjale ynbrekkerstas yn de auto.
De trije dieven, twa manlju fan 34 en 42 jier en in frou fan 43 jier, sitte fêst.