Ynwenners Tytsjerksteradiel posityf oer asylsikers

09 jan 2015 - 16:08

De measte ynwenners fan Tytsjerksteradiel binne posityf oer de oanwêzigens fan asylsikers yn Nederlân. Dat docht bliken út ûndersyk troch studinten fan de Universiteit fan Amsterdam ûnder 700 ynwenners fan Burgum, Sumar, Hurdegaryp, Garyp en Earnewâld. In mearderheid sjocht de komst fan asylsikers net as in bedriging en der is yn it algemien stipe foar it asylsikerssintrum yn Burgum. In kwart fan de ynwenners fynt dat it AZC bliuwe moat. De measte ynwenners jouwe boppedat oan dat der gjin negative ûnderfinings binne mei asylsikers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)