Gemeente Amelân hat kondoleânsjeregister foar Charlie Hebdo

09 jan 2015 - 14:44

Yn de hal fan it gemeentehûs op It Amelân leit in kondoleânsjeregister foar de slachtoffers fan de terroristyske oanfal op it tydskrift Charlie Hebdo yn Parys. Bewenners fan It Amelân kinne dêr harren meilibjen toane. De gemeente wol op dizze wize stilstean by de slachtoffers, sa seit boargemaster Albert de Hoop. It register bliuwt in pear wike lizzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)