Dronken sjauffeur ramt hast in tankstasjon by Terwispel

09 jan 2015 - 14:06

In dronken frachtweinsjauffeur út Emmeloord is yn de nacht fan tongersdei op freed hast tsjin it tankstasjon lâns de A7 by Terwispel botst. De plysje fûn de frachtwein om healwei ienen yn de berm oan. De sjauffeur wie dúdlik ûnder ynfloed fan alkohol en waard meinaam nei it buro. Dêr is proses-ferbaal opmakke. De frachtwein is fuortsleept.

Trefwurden: 
A7 Terwispel tankstasjon
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)