Ljouwerter wenning sletten fanwege drugshannel

© Omrop Fryslân
Boargemaster Ferd Crone hat in wenning oan de Humaldastate yn Ljouwert sletten yn ferbân mei drugs. De plysje hie yn it hûs wapens, harddrugs, softdrugs en in himpkwekerij oantroffen. Crone hat earder ek al in wenning oan de Kei yn Ljouwert sletten, om't de bewenner yn drugs hannele. Mei dizze maatregels wol Crone de drugshannel tsjingean en de oerlêst foar omwennenden foarkomme.
De gemeente wurket by dizze oanpak gear mei de plysje en it Iepenbier Ministearje.