Gjin hûneferbod by Allardseach en Bakkefean

09 jan 2015 - 13:25

Der komt gjin ferbod om mei hûnen de natoer by Allardseach en Bakkefean yn te gean. Dat hawwe it Fryske Gea en Steatsboskbehear besletten. It ferbod drige der earder al te kommen trochdat losrinnende hûnen geregeld achter skiep fan it Fryske Gea oangongen. Dêrtroch rekken der ek skiep dea. Mar de lêste tiid binne der gjin skiep mear biten. Dat komt troch ekstra tafersjoch mei in soad boetes as gefolch. Mear foarljochting hat neffens It Fryske Gea ek holpen.

It ekstra tafersjoch bliuwt wol en der wurde sanedich ek noch boetes útdield.

Trefwurden: 
hûnen Bakkefean Allardseach
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)