Noch gjin dúdlikheid oer wetterpeil by De Falom

In peilferheging yn it Bûtenfjild by De Falom smyt tefolle problemen op foar de lânbou en helpt de natoer net genôch. Dat konkludearret Wetterskip Fryslân op basis fan ûndersyk. It liket der dêrom op dat alle partijen opnij te set moatte oer de wetterhúshâlding om it natoergebiet hinne. De provinsje moat dêr noch oer beslute. Fanút de lânynrjochting wie betocht dat it peil fan de Falomster boezem winterdeis wol omheech koe, mar dat smyt neffens deistich bestjoerslid Aaltje Rispens fan Wetterskip Fryslân problemen op foar de lânbou.