Wenwyk Skoatterwâld krijt der 20 nije huzen by

De griene wenwyk Heerenwoud krijt in Tom Philipspaad
Skoatterwâld op It Hearrenfean wurdt definityf útwreide. Boubedriuw Van Wijnen hopet yn april útein te setten mei de bou fan nije huzen. Yn it plan wurdt sprutsen oer 20 nije wenningen. Om't der no genôch ferkocht binne, kin de bou los: Fan de 20 huzen binne der alve ferkocht en op trije wenten is in opsje naam. As alles goed giet, moatte de earste huzen dizze simmer klear wêze.