Wetterskip set Hooglandgemaal yn om ekstra te meallen

09 jan 2015 - 10:28

Wetterskip Fryslân hat freedtemoarn it Hooglandgemaal yn Starum oansetten om ekstra wetter fuort te meallen. Normaal sprutsen is in wetterstân fan 52 sintimeter ûnder NAP de noarm. No is dat al 57 sintimeter en der wurdt trochmeald oant en mei 60 sintimeter ûnder NAP.

Dizze buffer is nedich omdat it snein troch heech wetter op de Waadsee dreech wurdt om wetter út Fryslân troch de Lauwersmar op de Waadsee kwyt te kinnen. Der is noch gjin reden om dykbewaking yn te stellen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)