Nije praktykoplieding foar koks by Friesland College

koksmûtse
It Friesland College hat in nije praktykoplieding foar koks fan de Middelbere Hotelskoalle Fryslân. De studinten starte de oplieding by soarchynstelling Zuid Oost Zorg. Dêr krije se les yn de keukens en restaurants fan fersoargingshuzen. Yn it twadde jier folget dan in staazje by in kommersjeel hoarekabedriuw.
Njonken Zuid Oost Zorg hat ek restaurant Het Ambacht op It Hearrenfean plak om in groep studinten op te lieden.