Boekings foar simmerfakânsje nimme ta

09 jan 2015 - 06:59

Mei it minne waar dat we no ha sille mear en mear minsken alfêst ris neitinke oer plannen foar de simmerfakânsje. De reisburo's sjogge dat it tal boekings al wer tanimt en takom wike is foar de leafhawwer de grutte fakânsjebeurs yn Utert. Yn it Dútske Düsseldorf is takom wykein ek Boot Düsseldorf.

Yn Fryslân besiket it toeristysk buro Friesland-Holland wer safolle mooglik toeristen nei Fryslân te krijen. En Dalstra Reizen yn Surhústerfean organisearret sneon in eigen reisynformaasjedei mei harren oanbod.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)