Undúdlikheid oer doarpshûs Rie bliuwt

08 jan 2015 - 22:54

In nij doarpshûs foar Rie liket nei in massale besite fan bewenners oan de gemeenteried noch gjin stap tichterby. Tongersdeitejûn prate de riedskommisje fan Frjentsjerteradiel oer it kolleezjefoarstel om it besteande doarpshûs fan Rie op te knappen. It doarp hat lykwols op oantrunen fan dyselde gemeente in plan makke om in folslein nij multyfunksjoneel sintrum te bouwen, kompleet mei in gymseal. Dêrfoar is in miljoen euro nedich en dat fine boargemaster en wethâlders tefolle.

It kolleezje wol 300.000 euro yn de ferbou fan it doarpshûs stekke. Ut protest kamen sa'n 70 bewenners nei de gearkomste. Twa fan de trije kolleezjepartijen stypje it kolleezjefoarstel, mar kolleezjepartij CDA jout pas letter dúdlikheid. Wethâlder Caroline de Pee hat der alle fertrouwen yn dat it foarstel it gewoan hellet.

Trefwurden: 
doarpshûs Rie
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)