Tûzenen minsken by Charlie Hebdo-demonstraasje op it Saailân

08 jan 2015 - 18:16

In pear tûzen minsken binne tongersdeitejûn nei it Saailân yn Ljouwert kaam, as demonstraasje foar de frijheid fan mieningsutering. De betinking waard hâlden nei oanlieding fan de oanslach yn Parys op it tydskrift Charlie Hebdo. Derby kamen 13 minsken om it libben. Under de oanwêzigen yn Ljouwert in soad politisy en sjoernalisten. Neist boargemaster Ferd Crone hâlde LC-haadredakteur Hans Snijder in taspraak. Der wie ek in minút stilte. Yn Snits en Wolvegea waard ek stilstien by it drama. Yn Snits kamen sa'n hûndert minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)