Biltdiken dochs beskerme doarpsgesicht

08 jan 2015 - 17:06

Nei mear as tsien jier krije de Biltdiken op 22 janewaris lang om let de status fan beskerme doarpsgesicht. Dat betsjut dat it bysûndere karakter fan dat gebiet no lanlik erkend wurdt. Minister Jet Bussemaker hat dat besletten.

De folsleine gemeenteried fan It Bilt wie tsjin op dit beslút, om't se benaud binne foar ekstra regeldruk. It kolleezje en de provinsje woene al dat de Biltdiken in beskerme status krije soene. No't de minister it beslút naam hat, jout de ried har dêr by del.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)